Drigingsnivo Fryslân bliuwt itselde, alle plysjeburo's befeilige

18 mrt 2019 - 13:34

It drigingsnivo yn de provinsje Fryslân bliuwt itselde. Nei de sjitpartij yn Utrecht fan moandeitemoarn is it drigingsnivo allinnich yn de provinsje Utrecht nei it heechste nivo (5) gien. Nei de arrestaasje fan de fertochte, tsjin healwei sânen, waard ôfskaald.

Plysjes yn Fryslân (argyf) - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It team Staf Grootschalig en Bijzonder Optreden fan de plysje Noord-Nederland komt byinoar om te oerlizzen. Se besjogge oft en wêr't ekstra plysjeynset nedich is yn Noard-Nederlân.

Alle plysjeburo's yn hiel Nederlân binne ekstra befeiliging nei oanlieding fan de sjitpartij. Yn de publyksromten fan de buro's binne bewapene plysjes oanwêzich.

Politike kampanje stillein

Politike partijen hawwe harren kampanje foar de ferkiezingen fan woansdei 20 maart stillein nei oanlieding fan de sjitpartij.

Op in plein yn Utrecht hat moandei in sjitynsidint west. Dêrby binne trije deaden fallen en fiif ferwûnen. De fertochte is om sawat healwei sânen oppakt. Dat waard bekend makke op in parsekonferinsje.

(advertinsje)