Ferkiezingskampanje leit stil fanwege sjitpartij yn Utrecht

18 mrt 2019 - 13:11

Ferskate politike partijen hawwe harren kampanje stillein nei oanlieding fan de sjitpartij moandeitemoarn yn Utrecht. Under oare de VVD, it CDA, de ChristenUnie, D66, GrienLinks, PvdA, de FNP en DENK hawwe witte litten dat se foarearst gjin kampanje fiere sille. Forum voor Democratie giet wol troch mei de kampanje.

Yn in tram yn Utrecht binne moandeitemoarn meardere minsken ferwûne rekke by in sjitpartij. It is noch net dúdlik wat der krekt bard is, mar de plysje slút in terroristysk motyf net út. De dieder fan de sjitpartij is noch net pakt.

Wichtigere saken

Partijfoarsitter Piet Adema fan de ChristenUnie wie ien fan de dielnimmers oan it oerlis fan de politike partijen oer de sjitpartij. Neffens Adema binne der op dizze dei wichtigere saken as de kampanje foar de steateferkiezings.

Piet Adema fan de ChristenUnie oer it stillizzen fan de kampanje

Ek de kampanje fan de provinsje om Friezen woansdei nei de stimbus te krijen wurdt stillein.

Op in plein yn Utrecht hat moandei in sjitynsidint west. Dêrby binne trije deaden fallen en fiif ferwûnen. De dieder is op de flecht.

(advertinsje)
(advertinsje)