Cambuur ferwachtet De Jong en Van der Heide gau te presintearjen: "Het gaat nog om details"

18 mrt 2019 - 12:48

SC Cambuur ferwachtet yn de kommende dagen trainer Henk de Jong en assistint-trainer Sandor van der Heide te presintearjen. De Jong wurdt de opfolger fan René Hake, wêrfan't it ôfrinnende kontrakt net ferlinge wurdt. Van der Heide wurdt de assistint-trainer.

Foto: Dijks Fotografie

"We zijn in een vergevorderd stadium", fertelt technysk manager Foeke Booy fan Cambuur. "Wanneer we eruit gaan komen, weet ik niet. Maar het gaat de goede kant op. Het is een kwestie van dagen."

De Jong en Van der Heide binne op dit stuit noch aktyf by De Graafschap, mar dêrfan nimme se nei dit seizoen ôfskied. Tusken Cambuur en it duo moatte de puntsjes noch efkes op de i set wurde. "Het gaat om details. Het heeft van beide kanten nog wat tijd nodig, maar er komt snel duidelijkheid", sa seit Booy ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)