A32 wurdt minder hobbelich; dyk tydlik ticht

18 mrt 2019 - 11:58

De A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert wurdt minder hobbelich. Begjin april wurde twa stikken dyk fan nij asfalt foarsjoen. It giet dan om it stik tusken it knooppunt It Hearrenfean en Haskerdiken en tusken Grou en Wurdum. De dyk moat dêrfoar ôfsletten wurde. Dat wurdt dien fan freedtejûn 5 april oant moandeitemoarn 8 april.

De A32 tusken Grou en Wurdum - Foto: Google Street View

Letter wurdt ek noch it stik tusken Haskerdiken en Grou dien, dêr moat ek de fundearring oanpakt wurde. Dat stiet pland foar 2021-2022. Letter dit jier komt der noch wol nij asfalt op it stik dyk.

De hobbels kamen ferline jier yn it nijs troch in aksje fan Christiaan Okkema út Goutum. Hy hie ûnder oare in brief skreaun oan de Ljouwerter Krante en fertelde op Omrop Fryslân oer de grutte oerlêst dy't de hobbels feroarsaakje foar de automobilisten.

(advertinsje)