Ferskate Fryske gemeenten net te berikken troch Ziggo-steuring

18 mrt 2019 - 11:25

Meardere gemeenten yn Fryslân melde dat se op dit stuit telefoanysk net te berikken binne. Dat hat te krijen mei in steuring by Ziggo, dêr't de gemeenten har telefoanferkear by ûnderbrocht hawwe. De gemeenten binne wol fia de webside te berikken. Hoe lang de steuring noch duorret is net bekend.

Trefwurden: 
steuring Ziggo
(Advertinsje)
(Advertinsje)