Demonstraasje tsjin saneamd 'Antillianeprobleem' yn Ljouwert: belied is diskriminearjend

18 mrt 2019 - 11:06

Yn Ljouwert wurdt takom wike moandei demonstrearre tsjin it Antillianebelied fan de gemeente Ljouwert. De demonstraasje is opset troch ûnder oare aktiviste Joyce Toscanini. De demonstraasje is in opmaat nei in spesjale Antillianegearkomste yn Ljouwert om te praten oer de problemen yn de Antilliaanske mienskip.

De Emmakade yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslan, Sybren Terpstra

Yn de feilichheidsmonitor 2019-2023 skriuwt de gemeente Ljouwert dat der in 'Antillianeprobleem' is yn de stêd. De organisaasje fan de demonstraasje is it dêr perfoarst net mei iens. Sy fine it belied sa't it no op papier stiet diskriminearjend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)