Ljouwerter Lyceum organisearret foar it earst in ferkiezing foar learlingen

18 mrt 2019 - 10:40

It Ljouwerter Lyceum is ien fan de skoallen yn Nederlân dêr't dizze dagen ferkiezingen foar de learlingen organisearre wurde. It Lyceum docht dat foar it earst. Alle goed 1.000 learlingen kinne moandei harren stim útbringe op de partijen dy't meidogge oan de Steateferkiezingen fan kommende woansdei.

Stimme - Foto: Shutterstock.com

As tarieding op de ferkiezingen fan moandei hat de skoalle ferskate aktiviteiten organisearre foar de learlingen. Sa seagen de earste klassers nei de wurking fan demokrasy en krigen de fjirde klassers kommissaris fan de Kening Arno Brok op besite.

(Advertinsje)
(Advertinsje)