Briedt der in strânljip op dyn dak? Meld it!

Wa't in strânljip sjocht dy't briedt op in dak, wurdt frege dat te melden. It inisjatyf foar de aksje komt fan de nije Stichting Onderzoek Scholekster.
© Geert de Vries
It giet neffens de stichting al jierren net goed mei de strânljip. Dy briedt hieltyd minder oan de kust en yn greiden, mar is wol faker te finen op dakken yn stêden. Om fan dat lêste in goed byld te krijen, wurdt no de meldaksje hâlden. "De trend is zorgelijk", seit biolooch Rafael Martig. "Scholeksters kunnen wel 45 jaar oud worden, maar de laatste jaren zijn er erg weinig jongen meer grootgebracht."
Briedende strânljippen op dakken kinne meld wurde fia de webside scholeksterophetdak.nl. Dêr steane ek tips om strânljippen yn de stêd te helpen. Sa kin in roasterke oer ôffieren en iepeningen foarkomme dat de pykjes dêryn falle en yn it rioel ferdwine.