Wurk oan oardel kilometer nije kaden yn Terherne leit op skema

18 mrt 2019 - 09:39

De provinsje Fryslân ynvestearret 800.000 euro yn it opknappen fan de kaden fan de Nije Sânsleat yn Terherne. De besteande houten daamwanden wurde nei dik fjirtich jier ferfongen troch stielen wanden. Dy moatte fyftich oant hûndert jier meigean. Dêrneist wurde der natuerfreonlike kaden oanlein.

Oannimmer Knol Akkrum is al begûn mei it wurk, dat yn maaie klear wêze moat. Jeroen Tingen fan Knol leit út wat der krekt bart. "We moeten van tevoren precies weten waar de buizen liggen voor stroom, gas en water. Als we iets raken, heb je meteen problemen. De stalen damwanden zetten we voor het hout, waarna we dat verwijderen. Het is een tracee van anderhalve kilometer, dus dit is een project van een redelijk grote omvang."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei Jeroen Tingen

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Oannimmer Knol Akkrum hat yntusken de nedige ûnderfining mei dit soarte fan wurk. Johannes Poepjes is kraanmasinist en wurket al ferskate jierren by Knol. Dochs wie it wurk de ôfrûne dagen dreech, jout er ta. "Dy hurde wyn is funest foar ús wurk. Wy moatte hiel krekt wurkje; it materiaal is 8 meter lang en oardel meter heech. As de wyn dat te pakken krijt, dan bist de kontrôle kwyt."

Johannes Poepjes is kraanmasinist

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)