Basisskoalle Koatstertille ûntromme fanwege gaslek

18 mrt 2019 - 09:24

In basisskoalle yn Koatstertille is moandeitemoarn koarte tiid út foarsoarch úntromme, fanwege in gaslek. Dat ûntstie by graafwurk. De bern waarden op in oare lokaasje opfong, sa melde de brânwacht. De bern en bewenners binne yntusken werom.

Foto: Pixabay

Ek in tal bewenners fan huzen yn 'e buert waard evakuearre. Yntusken is it gaslek wer ticht.

Trefwurden: 
Koatstertille gaslek
(Advertinsje)
(Advertinsje)