Wieteke Cramer wiis mei einbedrach feiling foar Van Deutekom: "Paulien soe grutsk op ús wêze"

18 mrt 2019 - 09:02

Ald-reedrydster Wieteke Cramer fan De Lemmer is wiis mei it einbedrach dat de feiling foar reedrydster Paulien van Deutekom opsmiten hat. Yn totaal waard der 47.332 euro ophele foar de Paulien van Deutekom Foundation, dy't ûndersyk docht nei longkanker, ta neitins oan de reedrydster dy't begjin dit jier ferstoar oan de gefolgen fan dizze sykte. "Wy binne megatefreden."

Foto: Paulien van Deutekom Foundation

Cramer organisearre de feiling mei sân oare reedrydfreondinnen. Op de feiling waarden ferskate saken per opbod ferkocht, lykas reedrydpakken, hurdfytsshirts en oare items. De acht froulju folgen de feiling mei elkoar. "It wie krekt in hinnehok doe't de biedingen begongen", fertelt Cramer. "Seachst de bedragen oprinnen, dat wie echt fantastysk."

It wie krekt in hinnehok!

Ald-reedrydster Wieteke Cramer

De reedrydpakken fan Sven Kramer en Suzanne Schulting hawwe in hiel soad jild opbrocht. "Dy beiden sieten boppe de tûzen euro", seit Cramer grutsk. "Myn eigen pak smiet ek noch hûndert euro op. Dat jout ek in hiel goed gefoel."

Ferwurking fan it ferlies

Oan de ein fan de jûn hawwe de froulju de sjampanje iepene. "Ik bin der wis fan dat Paulien oergryslik grutsk op ús wêze soe", fertelt Cramer. "Dit soart mominten helpt ús wol by de ferwurking fan it ferlies, mar it feroaret neat oan de situaasje. Paulien komt der net mei werom. Mar ús freonskip is sa hecht, dat is geweldich."

Wieteke Cramer oer de opbringst fan de feiling

(advertinsje)
(advertinsje)