Kollum: "Ferplicht frijwillich"

18 mrt 2019 - 08:26

"Jûn ha wy ledefergadering fan Doarpsbelang Aldegea. It is nei sân jier myn alderlêste fergadering, want ik hâld op. No't ik yn Drachten wenje, mei ik offisjeel net langer yn it doarpsbelangbestjoer fan Aldegea sitte. En dus moasten wy op syk nei in nije sekretaris. Wa't sels yn in bestjoer sit, wit hoe dreech dat is.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

'Te drok.' 'Ik sit al yn in oar bestjoer.' 'Dat is neat foar my.' It is mar in greep út de antwurden dy'tst krijst ast op syk bist nei nije bestjoersleden. No moat ik sizze dat wy yn Aldegea aardich rap in ferfangster fûn hienen, mar it kin soms wrakseljen wêze. Hieltyd minder minsken ha wat mei frijwilligerswurk. Wy ha it al drok genôch mei ús gewoane baan, dus wêrom soene wy dan yn ús frije tiid ek noch ris oan de slach gean?

Dat antwurd is net sa dreech: omdatst wat foar in oar dwaan wolst. Omdast it wichtich fynst dat in doarp leefber bliuwt. Omdast it leuk fynst om mei eigen ideeën dyn wenplak noch moaier te meitsjen. Ik neam mar in pear redenen op. Of omdat it goed stiet op dyn CV. Alhoewol frijwilligerswurk dêr noch altyd in 'ondergeschoven kindje' is.

Ofrûne wike hearde ik op it nijs dat der in twadde CV komt, datst meinimme kinst nei in sollisitaasjepetear. Yihaa, tocht ik, einliks in CV spesjaal foar al dyn frijwilligerswurk. Mar wat die bliken doe't ik it stik lies; ik gong om in papierke dêr't op stiet hoefolle subsydzje dyn wurkjouwer krije kin as er dy in baan oanbiedt. Mei oare wurden: it draait wer op jild út.

En dat is skande. Want úteinlik donderet alles yn elkoar as de wrâld allinnich mar om jild draait. Dan soe der gjin fuotbalklup mear bestean, útsein de betelle fuotbalklups. Dan soene alle doarpsbelangen wol opdoekt wurde kinne, krekt as alle bestjoeren dy't tintefeesten, hurdrinwedstriden, tennistoernoaien of de fjouwerjûnekuier organisearje. Dan bliuwt der in ferrekt lyts bytsje wille oer yn it wykein.

Dêrom moat it oars. As it oan my leit, komt der yn stee fan sa'n finansjeel CV in frijwilligers CV. Net in CV dast frijwillich meinimst; nee in CV dêr'st al dyn frijwilligerswurk opsetst. Of dyn mantelsoarchaktiviteiten. Dochst neat, dan is dyn frijwilligers CV yslik wyt. Oan de wurkjouwer dan de kar hoe wichtich oft hy of sy it fynt dat in nije wurknimmer wat foar de mienskip docht of net.

De ynfier fan sa'n frijwilligers CV freget om in oare tinkwize. Net langer tinke yn keihurde euro's mar yn wat smyt it de mienskip op? Ik bin bang dat soks noch wol efkes duorje kin. Ik ha noch nea yn in fakatuere stean sjoen: 'Minimaal drie jaar vrijwilligerservaring vereist'. Of 'Actief zijn als luizenmoeder is een pré'. Wylst in sollisitant by my in flinke streek foar ha soe as er fanatyk kuorbalcoach of foarlêsheit is.

Ik hear de kritisy no al wer roppen: 'As der sa'n CV komt dan is it net mear frijwillich'. No en? Wolle wy mei syn allen yn in 'participatiemaatschappij' wenje, dan moat de slogan miskien wol oarsom. 'Niet omdat het kan, maar omdat het moet.'"

(advertinsje)