Spoar fan fernielings yn Dokkum

18 mrt 2019 - 07:27

Fandalen hawwe yn de nacht fan sneon op snein foar in soad skea soarge yn Dokkum. Meardere auto's en in bushokje waarden fernield. By in auto dy't parkeard stie oan de K. van Dijkstrjitte waarden alle ruten ynslein. Fan it bushokje by de Waadwente waarden twa fan de trije ruten fernield.

Foto: Bote Sape Schoorstra

Yn de Jantjeszeepolder waarden by meardere auto's de spegels fernield. In auto yn de Pinksterblomstrjitte waard bekladde. Lâns it Peerdepaadsje by de Dokkumer Ie waard it rêdingsmateriaal foar minsken dy't yn it wetter reitsje yn it wetter smiten.

Trefwurden: 
Dokkum fernielings
(advertinsje)
(advertinsje)