Fakbûn FNV oer pensjoenmanifestaasje: "Wy ferwachtsje sa'n tûzen minsken"

Om healwei tolven moandei begjint de pensjoenmanifestaasje yn Ljouwert. Op ferskate plakken yn it hiele lân wurdt demonstrearre tsjin de hege pensjoenleeftiid. Minke Jansma fan it fakbûn FNV hat mar ien boadskip oan it regear: "It moat foar elkenien mooglik wêze om mei 66 jier op te hâlden."
© ANP Foto
It fakbûn ferwachtet sa'n tûzen minsken yn Ljouwert dy't harren stim hearre litte sille. Ek it iepenbier ferfier en helptsjinsten dogge mei oan de manifestaasje troch moandeitemoarn it wurk del te lizzen. Sa rieden de treinen fan de NS net oant 07.06 oere.
Der moat ek tiid wêze om te genietsjen fan wasto opboud hast.
Minke Jansma fan fakbûn FNV
Jansma is bliid mei de grutte stipe foar de manifestaasje. "Us wichtichste boadskip is dat wy foar elkenien in fatsoenlik pensjoen wolle, ek foar de ZZP'ers en flekswurkers. De manifestjaasje is dan ek foar elkenien dy't wurket. It moat foar elkenien mooglik wêze om mei 66 jier op te hâlden. Ast sjochst hoe lang oftst wurkje moast, dêr wurdt nimmen bliid fan. Der moat ek tiid wêze om te genietsjen fan watsto opboud hast."

Swiere beroppen

Boppedat is de FNV net te sprekken oer de list mei saneamde 'swiere beroppen', dy't earder mei pensjoen mei. Neffens Jansma ûntbrekke dêr in hiel soad beroppen op. "Dizze list is nochal selektyf, fine wy. It is oan minsken út de sektor sels om te sizzen hokker beroppen swier binne."
Minke Jansma fan it fakbûn FNV