Jimmy Tuinstra jongste debutant ea op WK iisspeedway

17 mrt 2019 - 22:10

Jimmy Tuinstra fan Tsjummearum hat dit wykein syn debút makke op it wrâldkampioenskip iisspeedway. De 17-jierrige Tuinstra is dêrmei de jongste debutant ea. Hy waard sneon lêste en snein fjirtjinde yn de Max Aicher Arena yn Inzell. Der diene sechstjin koereurs mei.

Jimmy Tuinstra (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

De sport wurdt dominearre troch Russen. Daniil Ivanov wûn sneon, Dinar Valeev snein. Beide dagen bestie de top fjouwer út allinnich mar Russen. It wie sneon de sechsde en snein de sânde race fan it WK iisspeedway.

Op freed 29 maart binne de wedstriden om de Roelof Thijsbokaal op It Hearrenfean. It wykein dêrnei (30 en 31 maart) binne dan op Thialf de finales fan it wrâldkampioenskip iisspeedway. Tuinstra hat dêrfoar al in wild-card krigen.

Tuinstra syn heit Johnny wie ek jierren lang de bêste iisspeedwayer fan Nederlân.

Trefwurden: 
Jimmy Tuinstra iisspeedway
(advertinsje)
(advertinsje)