Feiling foar Paulien van Deutekom Foundation smyt 47.332 euro op

17 mrt 2019 - 22:05

De feiling fan benammen guod fan ferneamde sporters foar de Paulien van Deutekom Foundation hat 47.332 euro opbrocht. Sneintejûn rûn de feiling ôf. Belangstellenden koene in wike lang biede op reedrydpakken, hurdfytsshirts en oare items. De opbringst is foar ûndersyk nei longkanker, ta neitins oan reedrydster Paulien van Deutekom.

De âld-wrâldkampioen reedriden ferstoar begjin dit jier oan de gefolgen fan longkanker. Acht reedrydfreondinnen ha de hannen ynien slein en wolle no op dizze wize wat foar harren freondinne dwaan.

De feiling is foar de reedrydfroulju wol emosjoneel, seit Wieteke Cramer. "Doe't Paulien noch libbe, hiene wy al it idee dat we wat dwaan woene mei al it guod dat we noch oerhiene. Dat komt dan no yn in oar deiljocht te stean."

It measte jild waard bean op pakken fan Suzanne Schulting en Sven Kramer en in sinjearre shirt fan Ajax, seit Cramer. "Mar guon lytsere dingen ha ús noch mear fernuvere. Dat der mear as hûndert euro bean waard op in reedrydpak fan my bygelyks. Sokke lytsere bedraggen binne ús ek hiel wat wurdich."

(Advertinsje)
(Advertinsje)