UNIS Flyers op 'e nij yn finale BeNe-League

17 mrt 2019 - 21:17

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha harren snein, troch te winnen fan Bulldogs Luik, pleatst foar de finale fan de BeNe-League. De Feansters hiene freed thús de earste wedstriid yn de best-of-3-rige al wûn en wiene snein mei 5-3 te sterk yn België.

Jasper Nordemann tsjin Bulldogs Luik - Foto: www.dijksfotografie.nl

De ploech fan coach Mike Nason pakte yn Luik in betide foarsprong. Ronald Wurm skeat raak doe't de Flyers powerplay hiene. Lang duorre dy foarsprong net, want Thomas Matheson soarge twa minuten letter foar de 1-1.

Mei foarsprong lêste perioade yn

Yn de twadde helte kaam UNIS Flyers op 'e nij foar. By dûbelde powerplay makke Tony Demelinne de 2-1. Bulldogs Luik kaam wer op gelikense hichte, ditkear troch Bryan Henry. De Flyers giene lykwols mei in foarsprong de lêste perioade yn. Mei in wrap-around soarge Jasper Nordemann foar de 2-3.

Betiid yn de lêste perioade ferraste Aldo van Aalderen Luik-goalie Tom Prodi: 2-4. Klear wie it noch net, want Matheson brocht de spanning werom mei syn twadde treffer. Tsien minuten foar tiid wie it ferskil lykwols alwer twa treffers, om't Nordemann wer skoarde.

It bleau by 5-3 foar de UNIS Flyers, dy't har sa foar de fjirde kear op rige pleatse foar de finale fan de BeNe-League. Yn 2017 wûnen de Flyers de BeNe-League foar it lêst, ferline jier wie Hijs Den Haag yn de finale te sterk.

De BeNe-League is in kompetysje mei Nederlânske en Belgyske ploegen. Nei de reguliere kompetysje pleatse de acht bêste ploegen harren foar de play-offs.

De oare finalist komt út it duel tusken it Belgyske HYC Herentals en de Eaters út Geleen. Yn dy healefinalerige stiet it 1-1. In tredde wedstriid moat bepale wa't finalist wurdt. Yn de finale giet it derom wa't it earst trije wedstriden wint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)