Trije lytse Salomon Levy's foar teäterstik Kollumer Oproer

17 mrt 2019 - 19:55

Njoggentjin jonges dienen snein audysje foar de rol fan jonge Salomon Levy yn it histoaryske muzykteäterstik Salomon-Het Kollumer Oproer. Yn it Badhûs op De Westereen binne trije jonges útsocht dy't ôfwikseljend de rol fan lytse Salomon spylje sille.

Audysje dwaan foar de rol fan de jonge Salomon - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Alle 19 jonges tusken de 10 en 14 jier songen it liet fan Ciske de Rat mei sjonger Syb van der Ploeg. Yn it foar waard de jonges útlein wat it Kollumer Oproer wie en wa't Salomon Levy wie: in joadske jonge, dy't diskriminearre en pest waard. Om it foar de spilers net te dreech te meitsjen, binne der trije lytse Salomons útkeazen foar de rol yn it stik: Brian van der Meulen, Gerjan Keizer en Rowan Vis.

Brian van der Meulen (8) is ien fan de trije jonge Salomons

Salomon Levy wenne op De Westereen oant dat er ûnthalze waard yn Ljouwert op 17 maart 1798. Omdat dat syn stjerdatum is, wienen snein de audysjes yn it doarp. De foarstelling is op 4, 5, 6, 7 en 8 july op it Maartensplein yn Kollum.

(advertinsje)
(advertinsje)