Gytsjerkster Roes junioarekampioen shorttrack

17 mrt 2019 - 19:25

Sven Roes hat snein yn de Ljouwerter Alvestêdehal de titel pakt op it NK shorttrack foar junioaren. De Gytsjerker bleau Melle en Jens van 't Wout foar yn it einklassemint.

Sven Roes (argyf, jannewaris 2019) - Foto: www.orange-pictures.nl

Roes wûn de 1500 meter, waard twadde op de 500 en tredde op de 1000. Syn grutste konkurrint, Melle van 't Wout, wûn twa ôfstannen, mar waard fiifde op de 1500 meter.

De superfinale wie ek in proai foar Roes. Hy einige dêrmei op 102 punten.

Tredde op NK senioaren

Yn jannewaris waard Roes al tredde op it NK foar senioaren. Ek doe wûn er de superfinale.

By de junioarefroulju einigen gjin Friezinnen op it poadium.

Trefwurden: 
shorttrack Gytsjerk Sven Roes
(Advertinsje)
(Advertinsje)