Tristan Bangma grypt krekt njonken WK-medalje op de sprint
Parahurdfytser Tristan Bangma is snein op de lêste dei fan it WK yn Apeldoorn fjirde wurden op de sprint. Mei syn piloat Patrick Bos waard er troch Poalen ferslein yn de striid om it brûns.
Oant de heale finalen gie it as it slydjaget foar Bangma en Bos. Mar yn de heale finale wiene Neil Fachie en Matthew Rotherham út Grut-Brittannië twa kear te fluch. Dêrom bleau de 'lytse finale' oer. Dêryn wiene Adam Brzozowski en Kamil Kuczynski de tsjinstanners. Ek de Poalen wiene twa kear rapper as Bangma en Bos, dy't sadwaande as fjirde einigen.
Twa kear brûns
Earder dit WK pakte Bangma wol twa medaljes, beide kearen brûns: earst op de fjouwer kilometer efterfolging en sneon ek op de tiidrit fan ien kilometer.
It WK parahurdfytsen wie de Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân.