Alle NS-treinen ride wer nei aksje foar better pensjoen

18 mrt 2019 - 08:33

De spoarbûnen staakten moandeitemoarn fanwegen de pensjoenen en de AOW-leeftiid. De earste treinen fan NS rieden pas nei 7.06 oere. Foar dy tiid koene reizgers út Fryslân net mei de trein nei it suden of westen. De treinen fan Arriva, bygelyks op it trajekt Ljouwert-Grins, rieden wol.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De bedriuwen leine it wurk del tusken 6.00 oere en 7.06 oere. Dy 66 minuten wiene symboalysk, want se wolle fan 66 jier ôf mei pensjoen kinne. Nei 7.06 oere kaam it treinferkear wer op gong. De NS advisearre reizgers om koart yn it foar harren reis te plannen.

"We geven dit signaal nu af om te voorkomen dat we straks allemaal steeds langer moeten doorwerken", sei Henri Janssen fan FNV Spoor. "Dit gaat om een fatsoenlijk en tijdig pensioen voor iedereen."

Mear aksjes

Der wurdt moandei op mear plakken aksjefierd. Sa rieden plysjes moandeitemoarn om 07.00 oere mei 66 kilometer yn it oere nei Den Haag ta. Dat diene se ûnder oare oer de A28 út Grins wei.

De FNV hâldt moandei op ferskate plakken, wêrûnder yn Ljouwert, in pensjoenmanifestaasje. Se sammelje om 11.30 oere op it Saailân. Dêr komme in tal sprekkers en dan folget in stoet troch de stêd.

Sûnt 1 jannewaris 2019 is de AOW-leeftiid 66 jier en 4 moannen. Yn 2020 giet dat omheech nei 66 jier en 8 moannen en yn 2021 nei 67 jier. Yn 2022 wurdt it 67 jier en 3 moannen. Dat bliuwt yn 2023 en 2024 itselde. Dêrnei hinget it ôf fan de libbensferwachting.

De fakbûnen wolle dat it dus 66 jier foar elkenien bliuwt, mar dêr sjocht it kabinet neat yn.

Trefwurden: 
trein NS pensjoen staking AOW
(advertinsje)