Fiifde edysje 'Hollandse 100' hellet goed 300.000 euro op

17 mrt 2019 - 18:01

It evenemint 'De Hollandse 100', dat snein op en om it Thialfstadion op It Hearrenfean hâlden wurdt, hat 309.272 euro ophelle. Dat jild giet nei ûndersyk tsjin lymfeklierkanker.

Foto: Hollandse 100

Dielnimmers oan it evenemint ride earst 10 kilometer op it iis fan Thialf en fytse dêrnei 90 kilometer yn en om It Hearrenfean. It wie dit jier de fiifde edysje fan de 'Hollandse 100'.

It doel wie 250.000 euro. Sneon wie al bekend dat se dat yn alle gefallen helje soene. De Hollandse 100 is in inisjatyf fan prins Bernhard, dy't sels lymfeklierkanker hân hat. Bernhard die mei syn frou Annette en har twa soannen mei oan it evenemint, krekt as syn mem prinses Margriet en syn broer Pieter-Christiaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)