LDODK nei winst yn Amsterdam wis fan tredde plak

17 mrt 2019 - 17:32

De kuorballers fan LDODK ha snein mei 23-16 wûn op besite by Blauw-Wit. Troch de oerwinning witte de Gordyksters dat se de kompetysje ôfslute op it tredde plak. Der is noch ien wedstriid te spilen, foardat de top fjouwer yn de play-offs striidt om de lânstitel.

Femke Faber (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Oant 5-5 gie it gelyk op yn de Blauw-Withal yn Amsterdam. Dêrnei naam LDODK ôfstân troch treffers fan Marjolijn Kroon, Erwin Zwart en Julian Frieswijk: 5-8. Dat wie ek de stân by it skoft.

Yn de twadde helte kaam dy foarsprong net mear yn gefaar. Erwin Zwart waard topskôrer oan de kant fan LDODK mei fiif treffers, Julian Frieswyk en Femke Faber makken elk fjouwer goals..

Foar tsjinstanner Blauw-Wit stie de wedstriid fan snein yn it ramt fan it ôfskied fan Marc Broere. Hy is ivich topskoarer yn de Kuorbal League mei 1561 treffers yn 257 wedstriden. Nei achttjin seizoenen spile er snein syn lêste thúswedstriid.

LDODK al wis fan play-offs

LDODK wist al dat it tredde plak it heechst helbere wie. By ferlies hie de ploech fan Henk-Jan Mulder op syn leechst fjirde wurden. Ferline wike wie LDODK al wis fan de play-offs.

Yn de heale finale om de lânstitel spilet LDODK tsjin de nûmer twa. Dat is op it stuit PKC. It kin ek noch TOP wurde, mar dan moat dy ploech takom wike ferlieze.

LDODK spilet yn de lêste kompetysjewedstriid thús tsjin Fortuna. Dy ploech stiet no fjirde, mar is noch net wis fan de play-offs.

Stân nei 17 fan de 18 wedstriden

1. TOP 29
2. PKC 28
3. LDODK 25
4. Fortuna 22
5. KZ 21
Trefwurden: 
kuorbal LDODK Blauw-Wit
(Advertinsje)
(Advertinsje)