Yngong en parkearplak azc Burgum bliuwe op selde plak

17 mrt 2019 - 17:09

Yn it nije ûntwerp foar it asylsikerssintrum yn Burgum bliuwe de yngong en it parkearplak op itselde plak. Der wie sprake fan dat dy oan de oare kant komme soene. By de plannen foar de nijbou ha de COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers) en de gemeente rekken holden mei de winsken fan omwenners.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

It azc yn Burgum, dêr't útprosedearre asylsikers in plak hawwe, stiet sûnt it jier 2000 oan de Elingsloane. De gebouwen binne oan ein en dêrom is wurke oan in nij ûntwerp.

De nije wyk is opset mei trije hofkes mei dêromhinne de wenten. Yn de hofkes binne auto's net wolkom. Der binne boartersplakken foar de bern. Yn it midden fan de wyk leit it aktiviteitegebou en oan de noardkant it kantoargebou.

It nije ûntwerp - Foto: COA

It COA makket as opfangplak no gebrûk fan in needlokaasje, tsjin it besteande azc oan. De hieroerienkomst foar de tydlike lokaasje is ferlinge oant 1 septimber 2021.

Trefwurden: 
Burgum AZC COA
(Advertinsje)
(Advertinsje)