Dykgraaf: kearntaken fan wetterskip troch klimaatferoaringen hieltyd wichtiger

17 mrt 2019 - 14:14

Njoggen partijen dogge woansdei mei oan de wetterskipsferkiezingen: CDA, PvdA, VVD, Partij voor de Dieren, Lagere Lasten Burger, 50Plus, Water Natuurlijk Fryslân, ChristenUnie en FNP. Dizze partijen tingje nei in sit yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Neffens de listlûkers falt der wier wol wat te kiezen, sa seinen se snein yn in spesjale útstjoering fan it radioprogramma Buro de Vries.

Acht listlûkers fan de wetterskipsferkiezingen - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

By it radiodebat, wêroan't alle partijen útsein de ChristenUnie meidiene, die bliken dat se ferskillend tinke oer tal fan saken. Fia stellingen koenen se oanjaan oft se it der mei iens wienen (tafel mei it griene kleed) of dat se it der net mei iens wienen (tafel mei it reade kleed).

Drûchte

De debatten giene bygelyks oer wat te dwaan by drûchte. Moat it wetter dan earst nei de boeren of dochs nei de natoer? Is it de taak fan it wetterskip om it sâlter wurden fan de grûn tsjin te gean? Moatte biologyske boeren minder wetterskipsbelesting betelje? Moat elkenien meibetelje oan klimaatmaatregels?

Ekonomy tsjinoer ekology

Ek by de wetterskipsferkiezingen is ekonomy tsjinoer ekology in grut tema. De tsjinstellingen sieten benammen yn de ferdieling fan oandacht foar lânbou en natuer.

Guon partijen fine dat de boeren as earste wetter krije moatte by langduorjende drûchte; VVD, CDA en Lagere Lasten Burger fine dat wichtich. Dêrtsjinoer steane partijen as Water Natuurlijk Fryslân en de Partij voor de Dieren en de PvdA sit dêr wat tuskenyn. Dy seit dat beide wichtich binne en mei mekoar ferbûn binne.

Wa moat mear belesting betelje?

Ek ferskille de partijen fan miening oer wa't mear of minder belesting betelje moat oan it wetterskip. De Partij voor de Dieren fynt dat biologyske boeren minder betelje moatte, lykas ek de partij Water Natuurlijk Fryslân. De VVD is dêr poer op tsjin.

Guon oare partijen fine dat de fersmoarger betelje moat. Sy fine dat grutte boeren dy't yntinsyf buorkje mear belesting betelje moatte, mar net dat biologyske boeren minder ta de bûse hoege.

Geartsje de Vries yn petear mei dykgraaf Paul van Erkelens en jeugddykgraaf Melissa Brandsma - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Stemmen voor de provinciale verkiezingen is belangrijk, maar het Wetterskip is niet minder belangrijk.

Dykgraaf Paul van Erkelens

Fan grut belang

Dykgraaf Paul van Erkelens fynt de ferkiezingen fan grut belang. Hy hopet dat in soad minsken nei de stimbus gean sille. Hy sil woansdei op ferkiezingstoernee mei kommissaris fan de Kening Arno Brok troch de hiele provinsje. Yn 14 oeren tiid hoopje se minsken safolle mooglik oer te heljen de gong nei de stimbus te meitsjen.

Hy liet him by it debat net út oer syn foarkar foar in partij. Hy stiet boppe de partijen en joech alle partijen dan ek 'douze points' nei it debat.

Trije kearntaken

De trije kearntaken fan it wetterskip: genôch wetter, feiligens en drûge fuotten hâlde wurde de kommende tiid troch de klimaatferoaringen hieltyd wichtiger neffens Van Erkelens. Stimme foar de provinsjale ferkiezingen is belangryk, mar it wetterskip is net minder belangryk fynt er.

Harkje nei de earste oere fan Buro de Vries

Harkje nei de twadde oere fan Buro de Vries

Wa't noch net wit wat hy of sy stimme moat, kin de kieswizer dwaan.

De stimwizer is der ek yn it Frysk. By de útlis fan it stânpunt fan 50Plus is it lykwols dreech te folgjen. Soe de partij de tekst troch Google Translate helle ha?

Bytiden smyt it Frysk in behoarlike 'abakadabra' op: "It Wetterskip is ferantwurdlik foar natuerlik wetter, mar moat rekkenje op lânbou. Om't it konflikt fan belang is, bestiet it Wetterskip foar natuerwetter en maksimaal gearwurket mei de nasjonale Delta Programma Biodiversity." Begripe jo dit? De Nederlânske ferzje is wol goed te lêzen...

(advertinsje)