FIDEO: Putsjes dwaan foar NLdoet yn Fryslân

17 mrt 2019 - 12:09

Keatsferiening De Pompeblêdden op It Hearrenfean is ferhuze nei in nije lokaasje. Mar it nije houten klupgebou moast noch mei oalje ynsmard wurde. In moaie put foar de frijwilligers.

By VV De Blesse dienen tal fan frijwilligers allerhanne putsjes lykas túnkje en skjinmeitsje by de fuotbalferiening yn Blesdike.

NLdoet wie dit jier op 15 en 16 maart. It wurdt alle jierren organisearre troch it Oranje Fonds.

(advertinsje)
(advertinsje)