Epke Zonderland wint goud op rekstôk by World Cup

Turner Epke Zonderland hat by de World Cup yn Bakoe goud wûn op it ûnderdiel rekstôk. Mei 14.633 punten bleau er de Kroaat Tin Srbic, de wrâldkampioen fan 2017, foar.
© www.orangepictures.nl
Yn de finale die Zonderland twa kear in kombinaasje fan flechteleminten. Hy begûn mei de Cassina-Kovacs-kombinaasje en die letter yn de oefening de Kolman folge troch de Gaylord 2.
It brûns gie nei de regearjend Europeesk kampioen, de Switser Oliver Hegi.
Zonderland, dy't op dit ûnderdiel trije kear WK-goud en twa kear EK-goud wûn, wie de iennige Nederlânske turner dy't yn Azerbeidzjan in finale wist te heljen.