Twa auto's botse yn Damwâld; ien ferwûne nei it sikehûs

17 mrt 2019 - 10:35

Yn Damwâld hat sneintemoarn in ûngelok west dêr't twa auto's by belutsen wienen. It ûngelok barde om njoggen oere hinne op de krusing fan de Haadwei en de Doniawei.

Foto: De Vries Media

Ien persoan is mei spoed nei it sikehûs brocht. Hoe't dy der oan ta is is net bekend. Beide weinen rekken flink skansearre. De dyk hat in skoft ôfsluten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok Damwâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)