Dronken man leit op Ljouwerter Aldlânsdyk
Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in 24-jierrige man op de Aldlânsdyk oantroffen. Der wie in melding binnen kaam fan ien dy't net goed wurden wie.
By oankomst die bliken dat de persoan flink dronken wie. Hy skold de plysjes de hûd fol. Hy hat in proses-ferbaal krigen.