Begjinnend bestjoerder yn Ljouwert oanhâlden foar poging ta deaslach
De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert in 20-jierrige persoan oanhâlden. Dy soe tsjin fiven mei de auto mei opsetsin ien oanride wollen ha op de Willemskade.
De wein ramde in parkearde auto en doe naaide de bestjoerder út. Plysjebikers troffen de wein letter oan op it Jacob Catsplein. De begjinnende bestjoerder út de gemeente Smellingerlân is oanhâlden foar poging ta deaslach en it ferlitten fan it plak fan it ûngelok. De persoan hie dronken.