Beammen yn Garyp en Burgum omwaaid troch hurde wyn

17 mrt 2019 - 09:02

By Garyp is sneontejûn troch de hurde wyn in beam omwaaid op de Inialoane. De brânwacht is oproppen om de beam op te romjen sadat de dyk wer frij kaam.

Foto: De Vries Media

Earder op de jûn wie ek al in beam omwaaid op de Koumarwei by Burgum. Om't dy de dyk blokkearre, hat de brânwacht de beam yn stikken seage en oprêden. Net ien rekke ferwûne.

Foto: De Vries Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)