VC Snits ferliest mei 3-2 fan de Flynth Flamingo's

De follybalsters fan VC Snits hawwe tsjin de Flynth Flamingo's in spannende wedstriid mei 3-2 ferlern. De Snitsers kamen yn Gennep oant 2-2, mar ferlearen de beslissende fiifde set mei 15-13.
Hester Jasper fan VC Snits © www.orange-pictures.nl
Yn de earste set wie de ploech fan coach Paul Oosterhof folle sterker as de Flamingo's: 11-25. De twa sets dernei koene de Snitsers dat net mear opbringe en giene de sets mei 25-18 en 25-21 ferlern. Dêrnei wie VC Snits wer oan bar. Se pakten de set mei 17-25 en dêrtroch wie der in beslissende fiifde set nedich. Yn de fiifde wie it spannend, mar it wie úteinlik Flynth Flamingo's dy't mei 15-13 de set nei harren ta luts.
Troch it ferlies bliuwt VC Snits op it tredde plak stean yn de kampioenspûl.