Twadde brûns foar Bangma op it WK parahurdfytsen
Tristan Bangma fan Donkerbroek hat op it WK parahurdfytsen ek op it ûnderdiel 1 kilometer tiidrit op de tandem it brûns wûn. Bangma ried tegearre mei Patrick Bos.
De Nederlanners rieden in sterke rit, mar de twa Britse duo's wiene lykwols te sterk fuor it duo Bangma en Bos.
It wie de twadde brûnzen medalje foar Bangma op dit WK yn Apeldoorn. Freed helle er ek al brûns op de 4 kilometer efterfolging.