Unmachtich SC Hearrenfean ferliest mei 3-0 fan De Graafschap

SC Hearrenfean hat de goeie rige fan trije oerwinningen gjin ferfolch jûn tsjin De Graafschap. Sneontejûn waard kânsleas mei 3-0 ferlern fan de nûmer 17 fan de earedifyzje.
© Orange Pictures
Nei trije minuten koe keeper Warner Hahn de bal al út syn eigen net helje. Charlison Benschop stie hielendal frij nei in pass fan Asor Matusiwa en hie alle tiid om de bal yn de linkerhoeke te pleatsen: 0-1. Hearrenfean koe dêr mar ien gefaarlik momint tsjinoer sette. Nei in foarset fan Mitchell van Bergen sjitte Matusiwa de bal hurd op de eigen peal.

Dramatyske twadde helte

De twadde helte koe de ploech fan coach Jan Olde Riekerink ek net soargje foar de ommekear. De Feansters wiene eins net yn steat om gefaarlik te wurden. Yn de 68e minút kaam De Graafschap op in 2-0 foarsprong. In hoekskop fan Youssef El Yebli koe ynkopt wurde troch Javier Vet, dy't hielendal frij stie. Twa minuten letter lei de tredde goal foar De Graafschap der ek yn. Delano Burgzorg koe nei in knappe slalom troch de Fryske ferdigening de 3-0 op it skoareboerd sette.
Yn de slotfaze tocht Hearrenfean noch in kâns te krijen op de 1-3. Mar nei yngripen fan de fideoskiedsrjochter waard dúdlik dat der gjin oertreding makke wie op ynfaller Morten Thorsby.
SC Hearrenfean - De Graafschap (0-3) (0-1) 3. Charlison Benchop, 68. Javier Vet, 70. Delano Burgzorg
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Schmidt, Dresevic, Høegh, Woudenberg (87/Hornkamp), Kobayashi (62/Thorsby), Rienstra, Vlap, Van Bergen (57/Van Amersfoort), Lammers, Johnsen