Harkemase Boys wint nei comeback tsjin ASWH

De fuotballers fan Harkemase Boys ha nei in 2-0 efterstân tsjin ASWH, dochs noch de trije punten meinommen nei De Harkema troch mei 2-3 te winnen. Yn de earste helte kamen de Harkiten al gau mei 0-2 efter, mar troch twa goals flak foar it skoft waard it wer spannend. Yn de twadde helte makke Jochum van Putten de winnende goal.
ASWH tsjin Harkemase Boys
Yn Hendrik-Ido-Ambacht like it de ferkearde kant op te gean foar de Harkemase Boys. Nei in heal oere fuotbaljen wie it nammentlik al 2-0 foar ASWH. Earst skoarde Peter Verhoeve in strafskop en dêrnei makke Lester Pires de twadde.

Comeback fan de Harkiten

De ploech fan coach Tieme Klompe, dy't troch in skorsing net op de bank siet, stie lykwols foar de rêst alwer op 2-2. Yn de 40ste minút kopte Robert Stelpstra in foarset fan Pier Veldman binnen. Net folle letter leit Stelpstra de bal klear foar Henny Bouius dy't de lykmakker makke.
Henny Bouius © Orange Pictures
Dêrmei wie de comeback noch net kompleet foar de besikers. Jochem van Putten wie de spiler dy't foar de trije punten soarge troch yn de 72e minút de 3-2 te meitsjen.
Troch de winst stiet Harkemase Boys op it 7e plak mei 42 punten út 25 wedstriden.