ONS Snits wint mei 4-3 fan SJC Noordwijk

ONS Snits hat sneon de thúswedstriid mei 4-3 wûn fan SJC út Noordwijk. De hurde wyn soarge foar drege omstannichheden ûnder de wedstriid. Curty Gonzales en Yumé Ramos makken de goals foar de Snitsers.
ONS Snits2
ONS-trainer Paul Raveneau is bliid mei de oerwinning. De earste helte wie dreech. De hurde wyn spile de fuotballers parten. Nei in eigen goal fan Serge Fatima en in penalty fan SJC, stie it 0-2. Mar ien minút foar rust skoarde spits Yumé Ramos de 1-2. "Dan ga je wel iets prettiger de rust in", seit Raveneau.
Ramos wist ek de lykmakker te meitsjen, mar doe wist SJC wer op in foarsprong fan 3-2 te kommen. Dat wie koart foar de ein fan de wedstriid en doe waard it spannend. Gonzales wist de 3-3 te meitsjen en Ramos makke fuort dêrnei de winnende goal foar ONS.
ONS Snits
Yumé Ramos hie it earst net mear ferwachte: "Ik hoopte nog op gelijkspel." Yn de twadde helte waard troch ONS mear gas jûn. "We hadden wind mee en dan kom je goed terug. Maar die 3-2 kwam uit het niets. Het was lastig voetballen in die wand. Elke bal die ik lang kreeg, was moeilijk in te schatten."
ONS stiet no op it 13e plak mei 32 punten út 25 wedstriden.