Alyda Norbruis: "It hat in rouproses west"

16 mrt 2019 - 18:16

Freed wûn Alyda Norbruis yn Apeldoorn in sulveren medalje op de 500 meter para-cycling. Mar nei ôfrin fan har race wie se net folslein tefreden. Se kaam mar foar ien ding en dat wie winne en dat slagge krekt net. "As je fan 2012 ôf oan de top stean en allinnich mar winne, dan docht ferlieze sear", seit Alyda.

Foto: Omrop Fryslân

No, in dei letter, fielt se har wat better oer har twadde plak. "Ferlieze heart der by en ast sjochst wêr't ik wei kom, dan moat én mei ik hiel tefreden wêze mei dy sulveren plak." Yn 2012 die Norbruis foar it earst mei oan it WK baanhurdfytsen. Dêr wûn se foar it earst goud. In 2015 stie de teller op mar leafst seis wrâldtitels en noch mear nasjonale titels.

Blessuere

Alyda komt út in djip dal. Se kampt al in pear jier mei in ferfelende blessuere. Troch in fernauwing fan de slachier yn har lies, oan har rjochterskonk, kin se net alles mear. "Kinst it fergelykje mei in knikte túnslang. Der giet noch wol wat wetter troch hinne, mar lekker rint it net", leit Alyda út.

Mei in blessuere in sulveren plak winne is dan dochs net sa slim, mar Alyda is hurd foar harsels. Dat is nedich om sa fier te kommen yn de sport, seit se. "Foaral mei tsjinslaggen lykas dizze."

Je moatte ôfskied nimme fan wat west hat, posityf sjen nei wat noch wol kin en de skouders der ûnder sette.

Alyda Norbruis

De Oerterpster is al twa kear oan har blessuere operearre. Sjoen nei't de risiko's dy't it meibringt, wolle de dokters leaver net wer operearje. Dat betsjut dat Alyda har sport net mear folslein útfiere kin. Op advys fan har dokters komt se no allinnich noch út op it koartste ûnderdiel, de 500 meter. "It hat in rouproses west. Je moatte ôfskied nimme fan wat west hat, posityf sjen nei wat noch wol kin en de skouders der ûnder sette."

Dochs wie it dreech foar Alyda om sneon net yn aksje te kommen op de oare ôfstannen, mar se wit ek dat se bliid wêze moat dat har karriêre noch net foarby is. "De 500 meter is myn beste en favorite ûnderdiel, dêr't we noch in soad oan dwaan kinne om te soargjen dat ik wer yn de buert fan it goud komme kin. Ik ha myn doel set op Tokyo 2020."

Alyda Norbruis oer har sulveren medalje en har blessuere

(Advertinsje)
(Advertinsje)