Fytsen fernield yn Grou; plysje siket tsjûgen

16 mrt 2019 - 16:29

Fandalen hawwe yn de nacht fan freed op sneon efter it treinstasjon by Grou tsientallen fytsen fernield. De fernielde fytsen lizze yn de stalling op de grûn en ek leit der ien op it dak fan de stalling. De plysje is op syk nei tsjûgen.

It stasjon fan Grou leit bûten it doarp, oan de A32. De plysje freget minsken dy't eventueel wat sjoen hawwe harren te melden op it nûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
fytsen Grou fernielerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)