FIDEO: De hichtepunten fan UNIS Flyers - Luik Bulldogs

16 mrt 2019 - 15:36

De UNIS Flyers spilen freedtejûn tsjin Luik om in plak yn de finale fan de BeNe-League. Einstân: 4-2. Yn de 'best-of-three' searje fan de heale finale is it no 1-0 foar de Feansters. Yn dizze kompilaasje de hichtepunten fan de UNIS Flyers tsjin de Luik Bulldogs.

Highlights Flyers - Luik

Snein 17 maart spylje de UNIS Flyers om 18.45 oere it twadde duel tsjin de Bulldogs yn Luik. By winst binne de Feansters finalist, by ferlies folget it beslissende tredde duel op Thialf op woansdei om 20.00 oere.

De oare finalist komt út it duel tusken it Belgyske HYC Herentals en de Eaters út Geleen. Herentals wûn sneon nei ferlinging mei 6-7 yn Geleen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)