Spesjale Titusbaly yn Dokkumer supermerk

16 mrt 2019 - 13:08

Foar de muzykteäterfoarstelling TITUS is sneon in saneamde Titusbaly ynrjochte yn in Dokkumer supermerk foar de kaartferkeap.

Foto: Marit Anker

Ek is de poster fan TITUS ûntbleate mei dêrop de haadrolspilers Theun Plantinga en Alexandra Alphenaar as Titus Brandsma en Teresa van Avila.

Teresa wie in Spaanske mystica út de Midsiuwen en wie foar Titus Brandsma in grutte ynspiraasjeboarne. "Sûnder har soe syn libben hiel oars rûn wêze" leit produsint Sjoek Nutma út.

Titus Brandsma (1881-1942) wie in mystikus út Boalsert. Syn ferset tsjin de nazi's late ta syn dea yn konsintraasjekamp Dachau. Dy fersetsrol makke him ynternasjonaal bekend.

It is foar it earst yn Fryslân dat Titus syn libben, fan boeresoan oant kleasterling, sjoernalist en professor troch in profesjoneel muzykteäter opfierd wurdt.

Neffens Nutma docht de foarstelling kwa profesjonaliteit net ûnder foar it suksesfolle Het Pauperparadijs, dat ferline jier yn Veenhuizen te sjen wie.

Foto: www.titus2019.nl

Titus is fan 31 maaie oant en mei 10 juny te sjen yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)