Easternijtsjerk iepenet eigenmakke brêge

16 mrt 2019 - 12:30

Yn Easternijtsjerk is sneon de brêge oer de opfeart nei De Peazens iepene. De brêge is boud troch frijwilligers. Mei dizze nije brêge wurdt it doarp berikber foar boatsjes en kano's.

Ek soarget de brêge foar in bettere trochstreaming fan it wetter troch it doarp.

It ferfangen fan de âlde daam en dûker troch in brêge is in mienskiplik inisjatyf fan it doarpsbelang en de iisferiening fan Easternijtsjerk. Se ha goed fjouwer jier dwaande west mei finansiering, sponsoring en meiwurking fan alle partijen.

Inisjatyfnimmer Johan Dijkstra: "Toen het eenmaal rond was, ging het heel vlug. Oosternijkerk staat bekend om enthousiaste inzet van vrijwilligers. Met elkaar en met de middelen die we voorhanden hadden, was de brug in ruim twee maand klaar."

De twa brêgedielen ha elk in gewicht fan sa'n njoggen ton. Dêrmei is de brêge geskikt foar swier lânbouferkear.

Trefwurden: 
Easternijtsjerk brêge
(advertinsje)
(advertinsje)