Minister Schouten lit har ynformearje oer de gefolgen fan de kontenerramp

16 mrt 2019 - 12:28

Minister Carola Schouten fan LNV wie sneon op besite yn de haven fan Lauwerseach. Se wie dêr om te praten oer de gefolgen fan de kontenerramp fan MSC Zoe.

"Ik ben hier om zelf te horen hoe het staat met het opruimen, de schade-afhandeling, de natuur en de vissers. Waar lopen ze tegen aan? En ik kijk waar ik het proces kan versnellen", seit minister Carola Schouten.

Dêr hat se wol in foarbyld fan. "De vissers zeggen: wij kunnen spullen opruimen uit de zee, maar hebben daar wel een ontheffing voor nodig. Dat moet met het oog op de veiligheid, daar moeten goede plannen aan ten grondslag liggen en dat vergt bureaucratie. Mogelijk kunnen we dat versnellen."

De reder hat sein garant te stean foar de skeafergoeding. "Maar dat loopt niet altijd soepel. Ik wil weten waar de praktische problemen ontstaan. Wellicht kan ik het proces een duw geven."

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Foar de takomst wol de minister ek goed sjen nei de koördinaasje. "Vooropgesteld: ik hoop dat zo'n ramp nooit meer gebeurt, maar we kunnen ook veel leren van wat er gebeurd is. Wat ging goed en wat niet, zodat we, mocht het ooit weer voorkomen, sneller kunnen acteren."

Se hat in soad respekt foar alle minsken dy't holpen ha en noch altyd helpe om de rotsoai op te rêden. Dat oprêden is lykwols noch lang net klear. "Daarom moeten we nu goede afspraken maken met de reders en de hele regio."

Minister Carola Schouten

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)