Sander de Rouwe: "Ik kin oeral it ferskil meitsje"

16 mrt 2019 - 11:30

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Sneon is Sander de Rouwe, CDA-listlûker, oan bar.

Sander de Rouwe - Foto: CDA

Namme: Sander de Rouwe

Leeftiid: 38 jier

Wenplak: Boalsert

Berop: deputearre

Hobby: dat is wat foar letter

Partij: CDA

Lid sûnt: 1997 CDJA, 1999 CDA

Besjoch it partijprogramma fan it CDA

Sizze wy do of jo?

"Do."

Wêrom bist listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

"Ik gean elke dei mei in laits nei Ljouwert, der is noch genôch wurk te dwaan. Myn frou fynt it goed en it CDA rekkenet op my. Troch ûnderfining, entûsjasme en in goed netwurk kin ik oeral it ferskil meitsje."

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Dat is senator John McCain út Amearika. In altyd striidbere en moedige man, dy't syn fijân ferjoech, stânpunten doarde te feroarjen en ree wie kompromissen te sluten. Hy kaam as kriichsfinzene fan Noard-Fjetnam en letter as politikus net allinnich foar himsels op, mar tsjinne it algemien belang en syn neisten."

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

"Der komt mear romte om nije wenningen te bouwen yn doarpen. Leefberheid begjint mei wurk en it fine kinnen fan in wenning. De banegroei yn Fryslân groeit hurder as gemiddeld yn Nederlân, de wenningbou mei no net achterbliuwe. We hawwe de ekonomy wer oan de praat krigen, dus no oan it wurk mei mear wenningen. Foar jong en âld."

De provinsje stiet tichter by de minsken, soarget foar mear autonomy en better bestjoer.

Sander de Rouwe fan it CDA

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.

"Geregeld binne der wer populistyske partijen dy 't hjir om roppe. Yn de praktyk hawwe se gjin begryp fan wat der yn de provinsje spilet. It CDA kiest krekt foar de regio en de provinsje. De provinsje stiet tichter by de minsken, soarget foar mear autonomy en better bestjoer. Der binne in soad saken dêr't Den Haach gjin ferstân fan hat, mar dy't wol fierder geane as de grins fan de gemeente. De provinsjes binne hjirfoar nedich en nuttich."

Hoe wol dyn partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?

"It CDA leaut yn de krêft fan de lokale mienskip. Net it "ik" fan it yndividu, it "sy" fan de oerheid, mar yn it "wy" fan de maatskippij. Doarpen, ferieningen en koöperaasjes wolle we mear romte en stipe jaan. Dêrom sette wy ús yn foar it Iepen Mienskipsfûns, belestingferleging en wil it CDA dat in part fan de opbringsten út it Windpark IJsselmeer streekrjocht nei doarpen giet dy't duorsumer wurde wolle."

Wurdt dyn partij en/of de kampanje ek sponsore of finansjeel stipe troch bedriuwen? Sa ja, hokker?

"Ja, we ha in soad lytse ûndernimmers dy't ús stypje. Sa organisearje we geregeld in CDA-diner foar ûndernimmers. Hjir komme altyd in soad ûndernimmers op ôf. Se betelje foar it iten en wat ekstra's (sa'n 75 euro). Dat giet yn de kampanjekas. By de kampanje hiere en meitsje we ek materieel. We krije faak koarting omdat minsen ús boadskip stypje. Bedriuwen krije hjir neat foar werom, mar it MKB wit wol dat we achter har steane en in fitale ekonomy as belangrykste basis fan ús provinsje sjogge."

Telefyzjeprogramma's lykas 'Zondag met Lubach' en 'De wereld draait door' geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?

"Gjin idee, oant no ta komme wy dêr net yn foar, nei alle gedachten om't we wat te serieus en goed deeglik binne. Ik sjoch wol dat myn kollega Sietske Poepjes geregeld troch kollumnisten op in negative wize delset wurdt. Sietske docht it hiel goed en is foaral hielendal harsels. Ik ha grut respekt foar har."

Wy hoege ús frijheid net mear te befjochtsjen, allinnich te ûnderhâlden.

Sander de Rouwe, listlûker CDA

Kinst ús wat oer dysels fertelle dat net ien wit?

"Myn frou ken ik fan myn 8e, ik woe hiel graach noch in broerke of suske. It leafst in twilling. Dat mocht net fan ús heit en mem, mar ús mem fertelde my dat flakby in twilling wenjen kaam wie. Ik bin dêr doe op myn griene fytske hinne fytst. Myn skoanmem die iepen. Sam waard myn bêste freon en Lianne myn lettere frou, mei wa't ik no 7 bern ha.

Foar hokker Frysk streekproduk meie wy dy nachts wekker meitsje?

"Ik hâld tige fan Fryske woarst. As ik earne op kampanje bin of op wurkbesite en ik sjoch in pleatslike slachter, dan kin ik de ferlieding net wjerstean. Myn frou is der net sa bliid mei. Sy sjocht myn ûnderkin mei elke kampanje fierder groeien."

Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

"Op 15 april 1945 rieden Kanadeeske soldaten fia de Grinzerstrjitwei, Ljouwert yn. De provinsje wie befrijd fan nazi's, populisten en meirinners. De Kanadeeske jonges en har famyljes hawwe in grut offer brocht foar ús frijheid fan hjoed. Wy hoege ús frijheid net mear te befjochtsjen, ûnderhâlde is it iennichste dat wy hoege te dwaan. Mei stimmen dochst dat, oftst it altyd mei alles iens bist of net. Us biedwurd is net foar neat 'goed voor elkaar'. Dat hat in dûbelde betsjutting. Goed om inoar tinke en de saken goed foar elkoar hawwe."

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(advertinsje)
(advertinsje)