Wedstriid en boek betinke 'razziawedstriid' fan 21 maaie 1944 yn Snits

Yn Snits wurdt tiisdei 21 maaie in betinkingswedstriid spile om stil te stean by it feit dat eksakt 75 jier lyn by it fuotbalduel tusken de distrikten Noord (mei Abe Lenstra) en West (mei Kick Smit) in razzia útfierd waard. Dêrby binne troch de Dútsers 21 manlju oppakt. Twa binne úteinlik stoarn.
Noardlik alvetal fan 21 mei 1944. Steand, twad fan rjochts, Abe Lenstra © Omrop Fryslân
De wedstriid fan no giet tusken in seleksje mei spilers fan de fiif Snitser ferieningen en in seleksje út de regio Haarlem. De eardere profklup HFC Haarlem wie de klup fan Kick Smit en de earste nei-oarlochske lânskampioen.
De 'razziawedstriid' fan doe einige yn 0-1. Yn it noardlik alvetal spilen Abe Lenstra en Frans Wuijts fan Heerenveen; Bertus Blom, IJsbrand Blom en Klaas Poelman fan LSC Sneek; Jo Kolthof, Kees Marcus en Willem van der Beek fan Velocitas Groningen; Henk van der Linden, Frans Hogenbirk en Kees Kammeijer fan Be Quick Groningen.
Yn team West spilen ûnder oare trije Feyenoorders en de Ajax-topskutter Gerrit Fischer.
Op Sportpark Leeuwarderweg wienen doe 9.000 taskôgers. By de razzia wisten tsientallen mannen har ûnder of op de tribune te ferstopjen.
Peter van der Meeren, sportsjoernalist by de Leeuwarder Courant, skreau it boek '21 man'. Hy hat ûndersyk dien nei wat op 21 maaie barde en wat de gefolgen wienen. Hy wist de nammen fan de oppakte mannen te achterheljen, prate mei tsjûgen en beseach net earder publisearre dokuminten en foto's.