Al 250.000 euro binnen foar 'De Hollandse 100': snein wurdt riden op Thialf

It evenemint 'De Hollandse 100', dat snein op en om it Thialfstadion op It Hearrenfean hâlden wurdt, bringt yn alle gefallen in bedrach fan 250.000 euro op. Dat hat de organisaasje bekend makke. Dy 250.000 euro wie it bedrach dat se helje woenen, mar yntusken stiet de teller dêr al boppe.
© ANP
De ynset is no om de trije ton te heljen. Dielnimmers oan it evenemint ride earst 10 kilometer op it iis fan Thialf en fytse dêrnei 90 kilometer yn en om It Hearrenfean. It jild giet nei ûndersyk nei lymfeklierkanker.
De Hollandse 100 is in inisjatyf fan prins Bernhard, dy't sels lymfeklierkanker hân hat. Bernhard docht mei syn frou Annette en har twa soannen mei oan it evenemint, krekt as syn mem prinses Margriet en syn broer Pieter-Christiaan.
It giet om de fiifde edysje, It Hearrenfean is foar de twadde kear de lokaasje fan dit evenemint.