Kazemattenmuseum krijt bysûndere foarwerpen: helm, batons en offisiersstokje

16 mrt 2019 - 08:55

It Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân hat trije bysûndere foarwerpen krigen. It giet om de helm, batons en it offisiersstokje fan de eardere luitenant "Bob" Mijjer.

Foto: Kazemattenmuseum

Mei de foarwerpen hat it Kazemattenmuseum foar it earst in helm yn eigendom dy't werklik droegen is by de striid op Koarnwertersân yn 1940.

"Bob" Mijjer wie yn de maaiedagen fan 1940 de befelhawwer fan de troepen dy't op Koarnwertersân de sykljochten betsjinnen. En hy wie de iennige beropsoffisier fan Koarnwertersân dy't de Twadde Wrâldoarloch oerlibbe. Syn fierder militêre karriêre late ta de rang fan generaal-majoar fan de sjeny.

Foto: Kazemattenmuseum

De foarwerpen binne skonken troch syn âlde soan, professor Egbert Myjer, earder rjochter by it Europeeske Hôf foar de Rjochten fan de Minske yn Straatsburg. "Bob" Mijjer wie de pake fan de bekende kabaretier Jochem Myjer.

De foarwerpen krije in prominint plak krije yn de op 'e nij yn te rjochtsjen sykljochtkazemat (VII) dy't heal maaie iepene wurdt yn de nije werynrjochtingsfaze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)