Kollum: "Roeie mei de riemen dy't je hawwe"

16 mrt 2019 - 08:20

"Der is in soad te dwaan oer it ûnderwiis. Dat hat trouwens altyd al sa west, mar resint binne wer in oantal saken bot yn in nijs. Sa binne in stik as fyftich smoarrike Amerikanen oanklage omdat se harren bern op saneamde elite-universiteiten studearje litte wolle.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De kollum fan Ferdinand de Jong

Romrofte korpsbalplakken as Yale, Stanford of UCLA binne favoryt. De rike boppelaach yn de USA hat dêr harren neiteam it leafst, omdat se der dan oan wenne kinne hoe't it is om yn selskip fan gelikensen te wêzen. Ofwol, harren ta te rieden om nei de stúdzje de bestjoerlike elite yn Amearika te wurden.

Hoe pakke dy rike âlden dat dan oan? Dat giet sa: se betelje bygelyks in bak smarjild oan sportcoaches. No, sille jim daliks tinke, mar dy bern moatte dochs nei in universiteit en net nei it CIOS? Kloppet, mar yn Amearika wurket dat even oars. As jo in positive beoardieling fan in coach op sportmêd yn de bûse ha, is de kâns in stik grutter dat jo talitten wurde op in universiteit.

Kombinearje dat mei wolstelde âlden en dan wurde in soad saken floeiber, want 'money makes the world go around', sizze se dêr. De sportbelibbing oer de oseaan is hast yn neat te fergelykjen mei hoe't we dat hjir dogge. Alles is dêr grutter, der is mear jild mei anneks en stadions fan mear as 50.000 taskôgers is hiel gewoan.

Sport is in prima opstap nei ien fan de romrofte universiteiten. Sa koe it dus dat in ferneamde Amerikaanske aktrise dy't nei de namme Lori Loughlin harket, mei har dochters de boer op gie. Ik hie trouwens noch nea fan dizze dame heard of wat fan har sjoen, mar dat sil oan my lizze.

Hoe dan ek, ús Lori betelle grof jild om in positive ferklearring by in roeicoach los te peuterjen. De dochters waarden beide as grutte roeitalinten oanpriizge. Twa kreaze fammen, suskes ek noch, dy't stiengoed roeie kinne, boppedat mei in ferneamde mem, wat wolle je as romrofte universiteit no noch mear? Kat yn 't bakje.

Dy jongedames wienen by wize fan sprekken al oannaam foardat se harren ynskriuwbriefke tikje litten hienen. Ik gean der teminsten fan út dat se dat sels net dogge yn datsoarte rûntsjes.

Wat die bliken? De beide dames, Isabella en Olivia, sa hjitte de dochters, ha noch nea mei harren kont yn in roeiboat sitten. Lit stean dat se oantoand ha dat se ek mar in greintsje talint foar dy sport besitte. No, dan steane je der moai op as ferneamde aktrise. Dat rollespul groeide har dus even boppe de holle.

Ik bin benijd hoefolle jild it frou Loughlin ekstra kostje sil om de beide froulju nettsjinsteande dizze lytse tebeksetter noch op ien fan dy pretinsjeuze universiteiten te krijen. Want ik wik jim dat se dat besykje sil. Mar ja, dat sil it nijs wol net helje.

It toant wol oan dat der in rook fan ûngelykheid bestiet yn de talittingskriteariums. En dat der eins mar ien ding echt ta docht. Jild. Want ik ha net de yllúzje dat neidat dizze saak oan it ljocht kaam is, de talintfolle, mar strjitearme bern út de getto fan Chicago, Oakland of Detroit it plak fan Isabella en Olivia ynnimme sille."

(advertinsje)
(advertinsje)