Alde winkel yn Ljouwert moat nij kreatyf moetingsplak wurde

16 mrt 2019 - 06:47

In wenkeamer dêr't je lekker wurkje kinne, freonen moetsje of in gitaar pakke om in stik te spyljen. Dat in grut ferskaat oan minsken inoar dêr moetet en ideeën opdocht. Dat ideaal hawwe Peter Reen en Serge Hollander.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Sy binne de inisjatyfnimmers fan it graffityprojekt Writers Block, in grut projekt mei muorrekeunst yn de Ljouwerter binnenstêd. Se ha freed har kantoar iepene dat tagelyk ek in romte is dêr't begjinnende ûndernimmers foar kwealik jild in wurkplak hiere kinne.

"Alles hier is te koop", seit Serge Hollander. Hy jout in rûnlieding troch it eardere winkelpân fan Bever sport. Hy en Peter Reen sochten in lokaasje foar in kantoar foar Writers Block. "En toen bleek dat we veel ruimte over hadden. Peter had daar wel een plan voor."

Reen: "Ja, ik ben zelfstandig ondernemer en ik weet nog heel goed dat het lastig is om als beginnend ondernemer een werkplek te vinden. Die kunnen we hier bieden. Het is niet duur, maar wel erg leuk".

Wurk fan Fake

Hollander rint nei de efterside fan it gebou. Dêr hingje keunstwurken oan de muorre. "Dit is de plek waar wij werk tentoonstellen van de kunstenaars die in de stad werken. We openen nu ook een expositie met werk van de kunstenaar Fake. Dat is de man die in de Haniasteeg in het centrum van Leeuwarden de muurschildering 'Dance, Dance Dance' maakte."

Serge Hollander en Peter Reen

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn de grutte eardere winkelromte is it krekt as je yn in húskeamer stappe. Der is in sitsje mei in bank, wat planten en in pear lampen. "We hopen dat hier een gemengd publiek op af komt", seit Reen. "Die diversiteit maakt het sterk. Want waar ontmoet en praat je het makkelijkst met mensen? Juist, de koffietafel."

De Klanderij

Foar de beide mannen is it njonken de iepening fan de wenkeamer en de eksposysje ek de iepening fan har eigen kantoar. Writers Block hat yn july it earste grutte graffityprojekt. De Ljouwerter parkeargaraazje de Klanderij wurdt dan troch tritich oant fjirtich keunstners ûnder hannen naam. Hollander: "Dat wordt echt bijzonder. Niet alleen voor het Noorden, nee ik denk toch echt voor heel Nederland."

(advertinsje)
(advertinsje)