Utjeften provinsjes: Fryslân tart it meast yn op 'e reserves

16 mrt 2019 - 00:01

Yn hast alle provinsjes binne de ynkomsten en útjeften troch de provinsje yn de ôfrûne bestjoersperioade omleech gien. Dat docht bliken út sifers dy't it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek, sneon bekend makke hat. Ek yn Fryslân wiene de útjeften en de ynkomsten flink leger as yn de perioade 2011-2015.

Foto: CBS

Dat de kosten sa omleech gean, komt benammen trochdat gemeenten no ferantwurdlik binne foar de jeugdsoarch. De útjeften wurde no net mear troch de provinsje dien, mar dêr hawwe se dan ek gjin budzjet mear foar hân.

Yn Fryslân joech de provinsje goed 24 persint minder út, mar de ynkomsten giene mei goed 28 persint noch mear omleech.

2019

Yn de begrutting foar 2019 hawwe alle provinsjes mear útjeften as ynkomsten. De provinsjes losse dit op troch yn te tarren op 'e reserves. Fan alle provinsjes moat Fryslân it measte jild út 'e sparpot helje; it hat hûndert miljoen euro nedich om de begrutting rûn te krijen.

Dêrnjonken is Fryslân in relatyf rike provinsje. Om't wy net in soad ynwenners hawwe, krije we relatyf in soad jild út it provinsjefûns fan it ryk. Dat jild wurdt ek goed bestege.

Elke provinsje jout jild út oan ferskate tema's, lykas ferfier, miljeu en regionale berikberens. Fryslân is op trije tema's 'lânskampioen'. Wy jouwe foar elke ynwenner, fan alle provinsjes, it measte jild út oan de fersterking fan de regionale ekonomy, oan miljeu, enerzjy en klimaat, en oan kultuer en monumintesoarch.

Foto: CBS
Trefwurden: 
CBS provinsje begrutting
(advertinsje)