Japanner Murakami en Russyske Golikova winne De Zilveren Bal

15 mrt 2019 - 23:51

It sprintspektakel 'De Zilveren Bal' is by de manlju wûn troch de Japanner Yuma Murakami. Murakami kaam úteinlik yn 9.63 oer de streek, krekt wat flugger as de Kanadeeske Laurent Dubreuil, dy't finishe yn 9.79 en de 17-jierrige Stefan Westenbroek dy't oer de streek kaam yn 9.85. By de froulju wûn Agelina Golikova mei in tiid fan 10.37.

Foto: Henk Bootsma

Op wei nei de finale sette de Russyske Golikova noch in baanrekôr foar de Ljouwerter Elfstedenhal del: 10.37. Janine Smit fan It Hearrenfean einige yn de finale by de froulju úteinlik as tredde. Se ried 10.61, krekt efter de Japanske Konami Soga. Sy waard twadde yn 10.59.

Ferline jier wie Karolina Erbanova noch de rapste op de hûndert meter yn Ljouwert.

Foto: Henk Bootsma

Grutte ferrassing wie Stefan Westenbroek. De 17-jierrige B-junior pleatste him foar de finale, foar âld-Olympysk kampioen Michel Mulder. Mulder wie yn 2018 de winner by de manlju fan De Zilveren Bal. Grutte ôfwêzige by it toernoai wie publykslûker Kai Verbij. Ek de Nederlânsk Kampioen Sprint Hein Otterspeer dy't earder tasein hie te riden op de hûndert meter yn Ljouwert wie der net.

Reedrydshow

It publyk yn Ljouwert krige opnij in spektakulêre reedrydshow te sjen mei in soad leven en ljocht. De fjirde edysje fan it evenemint like wol wat minder besikers te lûken as oare jierren. De Friezinnen Anice Das, Femke Kok, Femke Beuling en Moniek Klijnstra berikten de heale finale fan it toernoai. Tjerk de Boer pleatste him krekt net foar de heale finale.

Sprintster Floor van den Brandt naam ôfskied fan it reedriden; foar har wie de Zilveren Bal har lêste offisjele wedstriid.

Floor van den Brandt naam ôfskied - Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)